Vmbo'ers wachtsje langer op eksamen-útslach: "We fine it hiel spitich"

Eksamenlearlingen fan de learwegen Basis en Kader krije dizze woansdei te hearren oft sy slagge binne. Dat is in wike letter as de learlingen fan theoretisch, havo en vwo, wylst dat gewoanwei altyd tagelyk bekend makke wurdt.
© ANP
Rektor Jan Osinga fan it Linde College yn Wolvegea baalt derfan: "Wy fine it hiel spitich. Wy binne wend om op deselde wize mei alle learlingen om te gean. No wurde se útinoar lutsen."
De reden foar de wike wachtsjen is ûnbekend. Osinga hat der wol ideeën oer: "Gewoanwei hawwe wy eksamens yn twa tiidrekken. Dit jier hawwe wy der trije. Dat hat logistyk in hiel gedoch west."

Oerdwaan

De tiidrekken hawwe te krijen mei it oantal twadde kânsen dy't de learlingen krije. Troch it coronafirus meie se eksamens no noch in twadde kear oerdwaan, as dat nedich is.
Dy regeling is foar vmbo-basis en -bader krekt wer wat oars as foar vmbo-theoretisch, havo en vwo. Om wol op tiid yn it skoaljier klear te wêzen, is de eksamenútslach fan de twa groepen ek útinoar helle.
Rektor Jan Osinga fan it Linde College yn Wolvegea © Omrop Fryslân
Rektor Jan Osinga fan it Linde College yn Wolvegea
Osinga kin wol begripe dat der puzele wurde moast, mar hie dizze oplossing leaver net sjoen. "We fine it hiel spitich dat we ferline wike in groep hiene dy't de útslach hie en dizze wike pas de oare groep. We sille der echt wol in feestje fan meitsje. De learlingen sille der net in soad fan fernimme, mar we hope wol dat dit net wer bart."