De F-35 fersteurt it libben fan Friezen: stress en sliepeleazens, besite ûnmooglik

16 jun 2021 - 08:20

Sûnt de komst fan de F-35 yn oktober 2019 hawwe Friezen folle mear lêst fan leven by de fleanbasis yn Ljouwert wei. It dreunende lûd feroarsaket stress en sliepeleazens. It is ek net allinne te hearren om de basis hinne, mar troch de hiele provinsje.

Friezen hawwe lêst fan de F-35:

Goed trije fjirde fan de Friezen seit sûnt de komst fan de F-35 mear en swierder lûd te hearren fan strieljagers op fleanbasis Ljouwert. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch ûndersyksburo Kien yn opdracht fan Omrop Fryslân.

As de kaart net goed te sjen is, klik dan hjir.

It blykt ek dat dit net allinne jildt foar Friezen dy't ticht by de basis wenje. Sels op plakken fierder fan de fleanbasis, lykas Dronryp, Wyns en Aldtsjerk, heart in mearderheid fan de minsken de fleantugen goed as sy yn 'e hûs binne.

Oerlêst: dizze doarpen springe der út

De fleantugen hearre is ien ding, mar ek de oerlêst dêrtroch is flink tanommen. Dêr't mar 15 persint fan de Friezen it lûd fan foarhinne de F-16's omskriuwe soe as hinderlik, neamt no mear as de helte fan de minsken it lûd sa.

Ek fierder fan de fleanbasis ôf

Opfallend is dat dit net allinne jildt foar ynwenners fan Blessum, Deinum en Lekkum, de doarpen dy't ticht tsjin de basis lizze. Sa seit 41 persint fan de ynwenners fan Harns, op 30 kilometer fan de basis, dat sy it lûd as 'tige slimme oerlêst' ûnderfine. Sa'n selde persintaazje jildt foar de ynwenners fan Blessum.

In F-35 yn Ljouwert op argyfbyld - Foto: Shutterstock.com (VanderWolf Images)

Ek Holwert, op 22 kilometer fan it fleanfjild, springt derút. Hjir omskriuwt 61,2 persint fan de ynwenners it lûd as oerlêst, wat hast lyk leit mei de ûnderfiningen fan ynwenners fan Lekkum.

As de grafyk net goed te sjen is, klik dan hjir.

De oerlêst soarget foar negative effekten op it deistich libben. Dat ûnderfine benammen minsken dy't net fier fan de basis wenje. Sa'n 30 persint fan de omwenners seit 'ja, dit lûd beynfloedet myn libben negatyf.'

Beheining yn it praten

Fierder seit noch goed in fiifde part fan de minsken yn plakken as De Gordyk, Harns en Holwert in negative ynfloed op it libben te ûnderfinen troch de lûdsoerlêst. Sa fiele minsken harren tige beheind yn harren bewegingsfrijheid. Yn de simmer bûten sitte mei de besite en mei-inoar prate is troch it leven net mooglik.

By FryslânDOK is takom wykein de dokumintêre 'F-35: Wat hangt ons boven het hoofd?' te sjen. Dêryn ûndersiket dokumintêremakker Johanna Brinkman it effekt fan it strieljagerlûd op minsken.

  • Sneon 19 juny NPO2 15.30 oere (werhelling 20 juny 13.10 oere)
  • Snein 20 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)