Bouwmeester krijt nij seil

24 jul 2012 - 13:14

Sylster Marit Bouwmeester krijt in nij seil fan de organisaasje foar de Olympyske searje yn de Laser Radial. Ofrûne moandei wie de Wartenster it net iens mei it seil dat se krigen hie en karde it ôf.

Neffens Bouwmeester sieten der ploaien yn it seil en dat mei net. Se tsjinne in klacht yn by it IOC en dy joech har gelyk. Woansdei krijt Bouwmeester, dy't ta de favoriten heart yn har klasse, in nij seil fan de organisaasje.

Trefwurden: 
silen Marit Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)