Swimferbod by De Pein wer opheft: hege izerkonsintraasje net skealik

It swimferbod by De Pein is wer opheft, dat hat Wetterskip Fryslân bekend makke. Ferline wike krige gemeente Smellingerlân meldingen fan swimmers dy't giele neils, fingers en hier krigen hiene op ferskate lokaasjes.
© Noordernieuws/De Vries Media
It wetterskip en GGD Fryslân hawwe ûndersyk nei de wetterkwaliteit: it giet om in hegere izerkonsintraasje dy't net skealik is foar de sûnens.
Yn de grûn by De Pein sit in soad izer, dat troch it omheech bringen fan de grûnwetterstannen mei omheech komt. Troch te dûsen ferdwynt de kleur stadichoan wer.