Fryske gemeenten freegje om in protokol foar sinnepanielbrannen

Der moat in protokol komme by saneamde sinnepanielbrannen. Dêr freegje de gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, lânbou-organisaasje LTO Noord en de Veiligheidsregio Fryslân om. Sy hawwe in brief skreaun oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat.
© De Vries Media
De partijen pleitsje foar in protokol dat omtinken hat foar sûnens- en feiligensrisiko's, mar dat ek regels jout foar it ôfhanneljen fan skea. Sy wolle fan steatssekretaris Dilan Yesilgöz-Zegerius witte hoe't it ferduorsumjen mei sinnepanielen him ferhâldt ta in feilige libbensomjouwing en lânbou.

Noardburgum oanlieding

De partijen wolle graach in garânsjefûns foar beneidielden fan sinnepanielbrannen. Oanlieding is de grutte brân by in houthannel yn Noardburgum ein maaie. Dêr fleagen doe 1.600 sinnepanielen yn 'e brân. Yn in grutte straal om it bedriuw hinne binne skerpe stikjes sinnepaniel delkaam.
De gemeenten krigen 120 meldingen fan bewenners en boeren. "Gezien dit unieke karakter zijn er geen pasklare antwoorden voor de bewoners in de getroffen omgeving," sa skriuwe de partijen oan Den Haag.

Foarkomme en neisoarch

Troch de enerzjytransysje rinne de gemeenten tsjin nije risiko's oan. Gemeenten wolle graach sinnestroom stimulearje, mar as it mis giet is der noch neat regele. Noardburgum hat dêrom in les west, sa tinke de partijen. In beliedsline yn de foarm fan in paneleprotokol kin alle belutsenen helpe yn de bestriding en neisoarch.
Foar in soad boeren yn de omkriten gie it gers ferlern. Mar in skeafûns wie der net. Ek wie der noed oer de skerpe stikjes foar fee en minsken.
Foar sinnepanielen op grutte dakken is der op dit stuit net in fergunningsplicht. "De vraag is of dit wenselijk is voor in de toekomst", skriuwe de partijen. Sy fine dat der mear tafersjoch komme moat.