Rjochter: Dantumadiel mocht subsydzje MFC Feanwâlden net wegerje

15 jun 2021 - 20:26

De earder takende subsydzjes foar it yn Feanwâlden opsetten fan in mienskipsromte oan Stichting Dorpshuis MynSkip Feanwâlden binne ûnterjochte wegere troch gemeente Dantumadiel. Dat hat de bestjoersrjochter besletten. MFC MynSkip soe yn 't earstoan yn totaal mear as in miljoen oan subsydzje krije.

In earder protest tsjin it beslút yn Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It beslút fan de rjochter hâldt yn dat de ferliende subsydzjes dus yn stân bliuwe en troch de gemeenteried fierder behannele wurde moatte. It kolleezje hat noch wol de mooglikheid om binnen seis wiken yn heger berop te gean by de Ried fan Steat.

Stichting: "It leit no by Dantumadiel"

Oege Hiddema fan Stichting Dorpshuis MynSkip Feanwâlden jout oan dat de kwestje no by de gemeente leit. Hy is benijd wêr't Dantumadiel mei komt. Hiddema is wiis mei de útspraak fan de rjochter, mar jout ek oan net goed ynskatte te kinnen wat der no barre sil.

Gemeente skrokken fan útspraak

Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel jout yn in earste reaksje oan skrokken te wêzen fan de útspraak fan de rjochter. It giet om in flink bedrach, sa seit Wiersma. As it al op it kleed komme moat, giet dat mooglik wer te'n koste fan wat oars.

Wiersma jout oan dat de gemeente de útspraak ek pas krekt krigen hat en earst de útspraak en de motivaasje fan de rjochter ris goed bestudearje te sillen. Dêrnei beslút de gemeente wat de ferfolchstappen binne.

Wegering

Yn jannewaris besleat de gemeente de subsydzje foar it multyfunksjoneel doarpshûs te wegerjen fanwege de minne finansjele situaasje. De gemeente besleat wol út kûlantens in fergoeding ta te kennen fan in lytse 14.000 euro.

Feanwâlden wie lykwols al sûnt 2003 dwaande om in doarpshûs foarinoar te krijen. It stichtingsbestjoer fielde him it slachtoffer fan besunigingen fan de gemeente. De teloarstelling wie grut en der folgen ferskate protesten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)