Operaasje Fryske Flagge: De Karibyske see is wat oars as de Burgumer Mar

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Margriet Postma, dy't op Aruba wennet.
© Omrop Fryslân
Margriet wennet op it Karibyske eilân mei har man en twa bern. En dat is net de earste kear: "Sân jier lyn die ik de hotelskoalle, wylst myn man by Definsje wurke. Ik koe doe hjir hinne foar myn staazje, en hy koe hjir ek oan it wurk. Doe ha we hjir al oardel jier wenne."
Margriet Postma en har gesin fiele harren thús op Aruba
Werom yn Burgum kamen de bern derby, en moast der in hûs ferboud wurde. Mar doe kaam er in unike kâns foarby om nochris in jier op Aruba te wenjen. "Dat wie by it begjin fan de coronakrisis. Myn man koe hjir wer in jier stasjonearre wurde. Sels wurkje ik by in bedriuw yn Burgum, en troch corona moast elkenien safolle mooglik thús wurkje. Doe ha ik oerlein mei myn baas, want thúswurkje koe yn myn eagen dan ek wol fanút Aruba."

Belje mei in 0511-nûmer

Postma kin, troch it ynternet, klanten yn Fryslân gewoan belje mei in 0511-nûmer. "Ik moat allinnich rekken hâlde mei it tiidsferskil", laket se "want it is hjir seis oeren earder." En hoewol't se dus drok oan it wurk is, fielt dat somtiden net sa. "It fielt hjir as fakânsje, as ik nei it wurk op it strân sit mei in cocktail."
Dochs moat de húshâlding aanst wer werom nei Burgum ta. "De pleatsing fan myn man rint yn augustus ôf, dan moatte wy werom nei Fryslân. Dat fielt wol dûbeld. Foar pake en beppe is it moai dat se ús bern wer sjen kinne, mar wy fiele ús hjir wol thús. Mar no kinne de bern yn Burgum nei skoalle, dat is ek moai."

Burgumer Mar

Foar Postma betsjut it dat se net mear thús wurket fan it eilân ôf. "No't we wer op kantoar wurkje kinne, is it kontakt mei klanten en kollega's ek wol wer aardich. Mar de Karibyske See by Aruba of de Burgumer Mar, dat skeelt nochal."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.