Dochs gjin proef mei walfiskkadaver by Skiermûntseach

15 jun 2021 - 19:07

Der komt gjin proef mei in walfiskkadaver ûnder wetter by Skiermûntseach. De oanjager en ferbiningsorganisaasje 'Programma naar een Rijke Waddenzee' hie dêrfoar al fierhinne in plan útwurke. Der wie ek in lokaasje betocht by Skiermûntseach: de Sprutel oan de súdkant fan it eilân.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Technysk en finansjeel is it wol te dwaan, mar der wiene noch te folle saken net wis. Om ien en oar definityf op 'e rit te krijen, moat der tiid en jild ynstutsen wurde. Der hat him gjin partij meld dy't dêryn de rezjy nimme wol.

Dizze praktyske saken en de drokte om it natuerwerstel op it Waad hinne meitsje dat de proef net trochset wurdt. It lei ek hiel gefoelich by de eilanner bestjoerders.

Flylân en Rottumerplaat

It plan wie om in walfisk te ferslepen as dy oanspiele soe op in net sa'n gaadlik plak. De walfisk moast dan nei de lokaasje by Skiermûntseach brocht wurde, dêr't ûnder oare de wittenskip de prosessen fan it kadaver folgje koe.

De potfisk dy't yn jannewaris op Flylân oanspielde wie dêr gjin geskikte kandidaat foar, mar it inisjatyf hat der wol mei foar soarge dat der romte ûntstie om in jonge walfisk yn novimber 2020 op Rottumerplaat lizze te litten en te folgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)