Provinsje wol bettere beskerming: "Ek Fryslân kwetsber foar kriminaliteit"

15 jun 2021 - 18:18

Ek Fryslân is kwetsber foar ynfloed fan kriminelen op oerheidsorganisaasjes lykas de provinsje, sa warskôget kommissaris fan de Kening Arno Brok. It personiel op it Provinsjehûs wurdt frege dêr skerper om te tinken.

Ek Fryske oerheden binne kwetsber foar ynfloed fan kriminelen:

As it om de ynfloed fan kriminelen op it iepenbier bestjoer giet, tinke in soad minsken oan it suden fan it lân. Mar dat is net terjochte, sa fynt Brok. De provinsje is hjir ek ferbûn mei in iepen mienskip dêr't ek wolris minsken omrinne dy't de wet net neilibje.

Kriminaliteit ferpleatst

It is wol sa dat der yn it suden al langer stranger op tasjoen wurdt oft de organisearre misdied ek saken foarinoar krijt by it bestjoer fan in provinsje of gemeente. Dêrtroch krije je ek it effekt dat dy kriminaliteit him ferpleatst: je sjogge no ek hjir hieltyd mear laboratoaria dêr't drugs produsearre wurde.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By de gemeenten wurkje se al langer mei de wet BIBO. Dêrby kin der in fergunning wegere wurde as der in slimme fertinking is dat der ferkearde saken barre. By de provinsje wolle sy no it eigen personiel ek opskerpje mei praktykfoarbylden om foar te kommen dat der bygelyks in miljeufergunning ôfjûn wurdt oan ien dy't kriminele aktiviteiten ûndernimt.

Boppe wetter helje

Mar it kin ek gean om in pleats dy't de provinsje oankeapet, dy't lang leech stiet en dêr't nei ferrin fan tiid in himpkwekerij yn fûn wurdt. Ien en oar wurdt yn 'e mande dien mei de gemeenten en Wetterskip Fryslân. Ek de plysje en justysje dogge mei. Brok ferwachtet dat mei it strangere tafersjoch saken boppe wetter komme dy't net doge.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)