Fryske muzykferieningen komme mei drum battle-fideo op Make Music Day

Mear as 30 drumbands fan oer de hiele wrâld smite nije wike moandei de lapen gear yn in spesjale online fideo. It inisjatyf foar dat idee komt út Fryslân, it is betocht troch de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF).
© Shutterstock.com (heru sukma cahyanto)
Eltse drumband spilet foar de fideo in solostik dat ôfsletten wurdt mei in apart ritueel. Sa moatte ferskate kultueren byinoar brocht wurde. Oan de drumbattle dogge muzykgroepen mei út ûnder oare Nederlân, Brazilië, Nigearia, Yndia, Litouwen en Meksiko.

Make Music Day

Takom moandei is it Make Music Day, in dei om alle jierren it bestean fan de muzyk te fieren. Jan-Willem van Kruyssen: "Langzaamaan komt het leven weer in beweging en kunnen muzikanten weer samenspelen. Wat is er mooier om dit samen te vieren tijdens Make Music Day? Ik hoop dat de deelnemers van Drum Battle door dit project nieuwe inspiratie opdoen."
De online stream fan Drum Battle is op 21.00 juny te sjen op de Facebook-side fan Leeuwarden-Fryslân 2028.