Rekôr oan ierdbeien ferline jier: automaten Berltsum rinne as in tierelier

15 jun 2021 - 17:25

In rekôropbringst oan ierdbeien kaam ferline jier út de kassen en fan de fjilden yn Nederlân. Yn 2020 waard wol 78 miljoen kilo ierdbeien fan de strûken helle. Dat de frucht populêr is, fernimme sy ek by APM Aardbeien yn Berltsum, dêr't de ierdbei-automaten op it hiem wol fjouwer kear op in dei byfolle wurde.

APM Aardbeien yn Berltsum fernimt dat de ierbei populêr is:

Eigener Annie Cornelissen: "In piekmomenten plukken we veel meer. De dag dat we het meest geplukt hebben, hebben we 6.000 kilo op een dag geplukt." Op it stuit wurdt op de helte fan it terrein plukt, yn trochsneed 700 à 800 kilo op in dei.

Rispe

In traind each sjocht dat de planten yn de kas der net al te florissant by hingje. "Die aardbeiplanten zijn al leeggeplukt," seit Geerts. Sûnt april waard al wurke yn de kassen. Dat is neffens de eigener ek it momint dat de ierdbeien it lekkerst binne.

Foto: Omrop Fryslân

Underwilens binne de arbeiders begûn mei de strûken dy't bûten steane. Om't der wiksjelend binnen en bûten wurke wurdt, geane sy troch oant desimber.

Drokker

Cornelissen: "Vooral sinds vorig jaar is het heel veel drukker geworden. Tijdens corona was dit voor de mensen een uitje waar de mensen nog wel naar toe konden en dat was goed te merken."

Oanrin by de automaten

De automaten op it hiem binne in wiere trekpleister. Om't it dreech waard om oardel meter ôfstân te hâlden, steane sy no ferspraat op it hiem. Neist partikulieren geane de ierdbeien ek nei bedriuwen en nei ôfnimmers yn it bûtenlân.

Ferslachjouwer Earryt Sijens by APM Aardbeien yn Berltsum

(Advertinsje)
(Advertinsje)