Boeren hiene yn 2020 folle mear skea fan guozzen as fan wolven

15 jun 2021 - 17:06

Fan alle skea dy't boeren yn Nederlân hawwe fan wylde bisten, kaam ferline jier sa'n 0,2 persint foar rekken fan wolven. Dat seit de organisaasje BIJ12, dat foar alle provinsjes skea troch wolven byhâldt.

Argyffoto fan in wolf - Foto: Shutterstock.com (Vaclav Sebek)

Fierwei de measte skea waard feroarsake troch guozzen dy't gers frieten. De wolf komt net foar yn de top tsien fan feroarsakers fan skea. Wol steane der yn de list bygelyks noch de das, wylde bargen en ferskate fûgels.

BIJ12 krige de ôfrûne fjouwer moanne 17 meldingen fan oanfallen op fee. Yn de helte fan de gefallen gie it om in wolf. Boeren kinne in skeafergoeding krije as se skea hawwe troch wylde bisten.

Trefwurden: 
wolf guozzen BIJ12
(Advertinsje)
(Advertinsje)