Kûgel troch de tsjerke, Sam Hendriks tekenet kontrakt by SC Cambuur

15 jun 2021 - 16:00

Sam Hendriks komt werom by SC Cambuur. Hy is ien fan de twa nije spitsen dy't de Ljouwerters dizze simmer helje wolle. Hendriks hat in kontrakt foar ien jier tekene, mei in automatyske opsje foar noch in jier as de Ljouwerters takom jier yn de earedifyzje bliuwe.

"Cambuur voelt als een onafgemaakt hoofdstuk"

Hendriks is fergees op te heljen, om't syn kontrakt by Go Ahead Eagles ôfrint. Henk de Jong joech ferline wike al oan him in ynteressante spiler te finen.

Tredde perioade by Cambuur

It wurdt Hendriks syn tredde perioade by Cambuur. De earste kear wie yn jannewaris fan 2019, doe't Cambuur him hierde en er yn fjirtjin wedstriden acht doelpunten makke. In krúsbânblessuere dy't er yn april oprûn, makke doe in ein oan syn tiid by Cambuur.

Yn jannewaris 2020 hierden de giel-blauwen him op 'e nij, wylst er noch oan it refalidearjen wie fan syn blessuere. Troch corona waard it seizoen earder ôfbrutsen en dat makke dat er gjin minuten mear makke yn it earste alvetal.

It ôfrûne seizoen spile Hendriks foar Go Ahead Eagles. Dêr makke er acht doelpunten yn 35 wedstriden. Hy mocht 22 kear yn de basis begjinne en foel 13 kear yn.

Opfolger fan Mühren

Hendriks moat, tegearre mei noch in oare spits, de opfolger wurde fan Robert Mühren, dy't nei Volendam giet. Mühren makke ôfrûne seizoen 38 doelpunten foar Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)