Feilichheid yn Ljouwert: mear oerlêst fan buorlju, mar minder stellerij

15 jun 2021 - 16:00

De gemeente Ljouwert is yn it ôfrûne jier in bytsje ûnfeiliger wurden. Troch de coronapandemy wie der yn 2020 dúdlik mear oerlêst fan jongerein en buorlju. Dêr stiet tsjinoer dat der minder ynbraken wiene en ek minder stellerij fan fytsen en yn winkels. Dat stiet yn de feilichheidsprestaasje-yndeks VPI oer it jier 2020.

Ljouwert presintearre in oersjoch wat de feiligens oanbelanget:

Neffens it ûndersyk wie de Ljouwerter binnenstêd op 'e nij de wyk mei de measte oerlêst. Op de foet folge troch it Potmargegebiet, Ljouwert-Aldeast, en Heechterp-Skieringen.

De grutste problemen yn dizze wiken binne drugsoerlêst en oerlêst fan jongeren en buorlju. It meast feilige part fan de gemeente Ljouwert is te finen yn de eardere gemeente Littenseradiel; de doarpen yn it súdwesten fan de gemeente.

Foto: Shutterstock.com (Dmitry Kalinovsky)

Corona-effekt

De ôfwikende sifers hawwe neffens de gemeente alles te krijen mei de coronakrisis. Omdat minsken folle mear thús wiene, soarge dat foar mear oerlêst fan buorlju en jongerein.

Dat de skoallen in skoft ticht wiene en útgean net mooglik wie hat dêr ek oan bydroegen. Der wiene ek minder ferkearsûngelokken as yn eardere jierren.

WhatsApp-kriminaliteit

Cybercrime is neffens de sifers wol oan it tanimmen. It giet dêrby benammen om WhatsApp-fraude, wêrby't sabeare freonen en kunde om jild freegje. De plysje hat de yndruk dat hieltyd mear kriminelen aktyf wurde op it ynternet.

Der binne opfallende ferskillen tusken de Ljouwerter wiken as it giet om de types oerlêst: de wiken Bilgaard en Oldegalileeën binne 'hotspots' op it mêd fan spul tusken buorlju.

Fernielingen oan auto's komt yn ferhâlding in soad foar yn Huzum-West en de measte klachten oer lûdsoerlêst komme út de binnenstêd, it Valeriuskwartier en de doarpen Grou en Stiens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)