"Opspoaring fan finansjeel misbrûk fan âlderein freget gearwurking"

Finansjeel misbrûk fan âlderein is in probleem dat dreech oan te pakken is en net gau oan it ljocht komt. Ferskate ynstânsjes soene dêr better yn gearwurkje kinne en mear ynformaasje diele moatte as der in tinken is fan finansjeel misbrûk. Dat seit notaris Kees Krijger fan Ljouwert.
© Shutterstock.com (thodonal88)
Banken, notarissen en soarchorganisaasjes hawwe bot te krijen mei de privacywetjouwing (AVG). Dat is neffens de notaris in goede saak, mar it stiet it opspoaren fan dizze foarm fan âldereinmishanneling ek yn de wei.

Meiwurking

Veilig Thuis soe dat tajubelje. Dat is de organisaasje dêr't de meldingen fan âldereinmishanneling en finansjeel misbrûk binnenkomme en dy't dan ek ûndersyk docht. De organisaasjes sels meie wol ynsjoch freegje by ynstânsjes, mar net alle banken wolle dêr maklik oan meiwurkje.

Ferbining sykje

Yn Ljouwert is úteinset mei in lokale alliânsje om mei de ferskate partijen út te finen hoe't dat better kin. Mar it bliuwt dreech om saken goed mei-inoar te ferbinen. It notariskantoar fan Kees Krijger is ien fan de lûkers fan de alliânsje. Krijger hopet dat dat foar de takomst wat betsjutte kin foar minsken dy't de dupe binne fan it finansjele misbrûk.
Notaris Kees Krijger © Hoekstra en partners
In alliânsje soe in ferbettering yn de oanpak fan finansjeel misbrûk betsjutte kinne
Op 15 juny wurdt mei de ynternasjonale dei tsjin âldereinmishanneling omtinken frege foar misbrûk fan en geweld tsjin âlderein.
Yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries is snein 20 juny in dokumintêre te hearren oer finansjeel misbrûk fan âlderein. It programma set útein om 11.00 oere.