De digitale wrâld as nije lokaasje fan Oerol

15 jun 2021 - 15:46

Oerol sjocht de digitale wrâld as in nije lokaasje foar it festival, ék wannear't de pandemy aanst foarby is. Dit jier is it festival opnij digitaal, wol binne der keunstners oan it wurk op Skylge.

Efter de digitale skermen fan Oerol:

Ien fan de groepen op it eilân is it selskip Nineties Productions. Yn in grutte tinte middenyn de natuer hawwe se in grutte studio boud foar in digitale foarstelling. Grutte útdaging is om minsken te ferlieden om wér achter dy kompjûter sitten te gean.

Akteur Yannick Noomen hat hjir alle fertrouwen yn. "We zijn hier al een jaar mee bezig en we hebben geprobeerd om het digitale juist verder te brengen dan een digitale stream van eenrichtingsverkeer. We willen dat mensen zich betrokken voelen en meer in het internet zitten dan dat het internet een verbinding is tussen verschillende fysieke plekken."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de repetysjes fan Nineties Productions

(Advertinsje)
(Advertinsje)