Tal besmettingen wer krekt wat oprûn, noch 12 pasjinten yn de Fryske sikehuzen

15 jun 2021 - 15:19

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 22 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der tsien mear as moandei. Doe gie it om 12 besmettingen. Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike 23 besmettingen deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne tiisdei meld yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêr giet it om 9 besmettingen. Dêrnei folgje De Fryske Marren en Ljouwert mei elts 4 besmettingen.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Noch 12 pasjinten yn de Fryske sikehuzen

It Acute Zorgnetwerk Noord Nederland hat ek de sikehûssifers bekend makke. Der lizze tiisdei noch 12 pasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan wa't der 6 op de intensive care lizze. Yn de trije noardlike provinsjes lizze byinoar 25 pasjinten yn de sikehuzen, fan wa't der 14 op de intensive care lizze.

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.062 nije coronagefallen registrearre. Moandei wiene dat der 899.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
sifers RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)