Grut part fan fermiste Fryske postdowen wer werom

15 jun 2021 - 14:31

In grut part fan de Fryske postdowen dy't ferline wike it paad bjuster wiene, is wer werom. Dat seit Wiebren van Stralen fan it dowesportbûn.

Foto: Shutterstock.com / Steve Oehlenschlager

Van Stralen hie sels ek dowen yn ien fan de twa wedstriden, wêrfan't dowen poater wiene. "We hiene twa flechten dy deis. Ien yn Sittard en ien yn Frankryk. Ik die allinnich oan dy earste mei. Dy út Sittard binne yntusken foar it grutste part allegearre wer thús. Trije binne noch ûnderweis", seit Van Stralen.

De dowehâlder wit dat, trochdat minsken kontakt mei him opnaam hawwe. "Dat is wat by sa'n nijsberjocht loskomt. Minsken dy't in do sjogge of fine dy nimme dan fia de ring kontakt op mei de eigener. Dat is in hiel soad bard", seit de dowemelker.

Op krêft komme

"Twa fan myn dowen sitte no noch by in oare dowemelker. Dêr wit ik dat se yn goede hannen binne", seit Van Stralen. "Dêr krije se noch wat foer en wetter. As se dan oansterke binne, dan litte se de dowen wer los."

De ferwachting is dat se dan wer gewoan thús komme. Wêr't syn tredde fermiste do op it stuit presys is, wit Van Stralen net.

Wiebren van Stralen fan it Dowesportbûn

Trefwurden: 
dowen postdowen
(Advertinsje)
(Advertinsje)