Noarsk tallship yn Harns

24 jul 2012 - 12:15
  • Noarsk tallship yn Harns
  • Harkje nei de reportaazje

Yn Harns is tiisdei it Noarske tallship Statsraad Lehmkuhl ôfmeard. It hast hûndert meter lange skip kaam trije oeren earder oan as ferwachte. It tallship docht de stêd oan as foarpriuwke fan de tallship-races dy't yn 2014 yn de stêd hâlden wurde. It Noarske skip fiert by dy race syn 100-jierrich bestean.

Woansdei tusken ien en trije oere is it skip tagonklik foar publyk. Dêrnei ferlit it de haven fan Harns wer.

(advertinsje)