Tydlik fûns stipet sân Fryske musea yn coronatiid

Sân Fryske musea krije jild om harren gebouwen en útstallingen 'coronaproof' te meitsjen. Yn totaal is foar 88 musea yn Nederlân 2,7 miljoen euro beskikber. Dêrfan giet sa'n 133.000 euro nei Fryslân ta.
© Shutterstock
De musea krije it jild fan it Kickstart Cultuurfonds. Dat is in tydlik fûns dat oprjochte is om de kulturele sektor yn coronatiid te helpen. It grutste bedrach yn Fryslân giet nei It Woudagemaal op De Lemmer. Dat kriget 42.255 euro.
Mei it jild kinne musea maatregels nimme om mear besikers ta te litten, of just om de besikers better oer it museum te sprieden. Sa wol it Bunkermuseum op Skylge de bunkers tagonklik meitsje mei QR-koades, wol it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits it kassasysteem oanpasse en sil it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân in spesjale audiotoer ûntwikkelje.

Teäters komme noach oan bar

"Dat de nood in de culturele sector onverminderd hoog is, blijkt uit de 1092 aanvragen die werden ingediend voor de 20 miljoen euro die dit jaar beschikbaar is. Een bijna-verdubbeling ten opzichte van vorig jaar, toen het noodfonds al 16 miljoen euro doneerde aan producenten van professionele podiumkunsten, muziekpodia, musea en theaters voor ondersteuning van corona-gerelateerde kosten", seit in wurdfierder fan it fûns.
Earder krigen trije Fryske kultuerstichtingen al in bydrage út it fûns. Ynkoarten wurdt ek bekend hokker teäters finansjele stipe krije fan it Cultuurfonds.

De ferdieling fan it jild oer sân Fryske musea

Museum Bedrach (yn euro's)
Woudagemaal op De Lemmer 42.255
Fries Scheepvaartmuseum yn Snits 34.203
Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân 24.100
Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert 14.016
Stichting Musea Noardeast-Fryslân (Museum Dokkum & 't Fiskershúske) 9.570
Observeum yn Burgum 5.980
Stichting Bunkerbehoud op Skylge 3.286