Follybalynternasjonal Van Solkema spilet takom seizoen yn Tsjechië

15 jun 2021 - 11:26

Gijs van Solkema spilet it kommende seizoen foar de Tsjechyske follybalklup Kladno. De Snitser wie op syk nei in nij aventoer en ferline wike fertelde er al ticht by in nije klup te wêzen. Dy hat Van Solkema no fûn yn de foarm fan Kladno, dat op it heechste nivo spilet yn Tsjechië.

Gijs van Solkema - Foto: ANP Foto

De ôfrûne jierren spile Van Solkema by it Dútske SVG Lüneburg en ek makke er in koart útstapke nei IBB Polonia yn Ingelân. No sil er dus aktyf wêze yn Tsjechië, dêr't Kladno it ôfrûne seizoen in middenmoter wie. De klup einige op it achtste plak yn in kompetysje mei tolve ploegen. Van Solkema tekenet in kontrakt foar ien jier yn Kladno, in stêd flak by Praag.

Op it stuit docht Van Solkema mei Nederlân mei oan de Nations League dy't yn it Italiaanske Rimini spile wurdt. Hiel goed giet it noch net: Van Solkema en de twa oare Snitser manlju hawwe mei Nederlân noch mar ien fan de njoggen wedstriden wûn. Tiisdei spylje Van Solkema-en-dy tsjin Frankryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)