Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra mei los op it EK

15 jun 2021 - 10:56

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra hat syn earste oanstelling op it EK te pakken. De grinsrjochter hat mei 'Team Kuipers' it duel tusken Denemarken en België tawiisd krigen.

Foto: Orange Pictures

Zeinstra is ien fan de trije grinsrjochters op it EK fuotbal. De oare twa binne Hessel Steegstra en Jan de Vries. Sy binne de assistinten fan Danny Makkelie. Dat team stie oan de lieding by it iepeningsduel op it EK (Italië - Turkije) en stiet woansdei oan de lieding fan Ruslân - Finlân.

It Europeesk kampioenskip wurdt de kommende wiken wiidweidich bepraat yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Alle wiken is in Fryske âld-ynternasjonal te gast dy't fertelle kin oer syn ûnderfinings yn Oranje en syn fisy op it Nederlânsk alvetal fan no. Moandei wie twafâldich ynternasjonal Johan Zuidema te gast. Dêrnjonken fertelde âld-skiedsrjochter Herman van Dijk hoe't de Fryske assistint-skiedsrjochters it yn syn eagen dogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)