Ynsidint mei gasflesse op Skylger camping, twa minsken nei it sikehûs

15 jun 2021 - 10:55

By in ynsidint mei in gasflesse op in camping op Skylge binne tiisdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Der soene twa gasflessen ûntploft wêze.

Foto: ProNews

It ûngelok wie op camping Nieuw Formerum, midden op it eilân. Wat dêr krekt bard is, is noch net bekend. De twa ferwûnen binne nei it sikehûs brocht.

Oer de ferwûningen is neat bekend, mar de situaasje fan beide minsken is net libbensbedriigjend, seit de plysje.

Trefwurden: 
plysje Skylge gasflesse
(Advertinsje)
(Advertinsje)