26 kandidaten foar A'karspelen

24 jul 2012 - 11:58

Kommissaris Jorritsma kin út 26 kandidaten kieze foar de funksje fan boargemaster fan Achtkarspelen. Under de 26 sitte tsien froulju. Trettjin fan de sollisitanten hawwe ûnderfining as wethâlder. Acht kandidaten binne lid fan it CDA, fierder sitte der leden fan de PvdA, VVD, FNP, GroenLinks, ChristenUnie en D66 by. Fan ien kandidaat is de politike foarkar net bekend.

It doel is dat Jorritsma in foarseleksje makket en dy foarleit oan in kommisje fan riedsleden út Achtkarspelen.

Doel is dat de nije boargemaster begjin takom jier begjint, as opfolger fan tydlik-boargemaster Piet Adema.

Trefwurden: 
boargemaster kandidaten
(advertinsje)