Aksjefierders mei petysje tsjin stroomkabel Skiermûntseach nei Den Haag

In groep aksjefierders fan Skiermûntseach is tiisdei nei Den Haag om in petysje tsjin stroomkabels troch it eilân oan te bieden oan de Twadde Keamer. De aksjefierders wolle foarkomme dat der stroomkabels dwers troch it eilân lein wurde nei it wynpark boppe Skiermûntseach. Dat plan hat de ôfrûne wiken foar in soad opskuor soarge, net allinnich by de eilânbewenners, mar ek yn de polityk.
Aksjefierders hawwe in petysje oanbean:
De petysje wurdt ûnder oare oanbean troch de wurkgroep Vrije Horizon Schiermonnikoog, Natuurmonumenten en de Waddenvereniging. Mar ek oare omwenners en Waadleafhawwers steane efter de petysje. Yn totaal hawwe mear as 34.400 minsken de petysje tekene.

Sân partijen

Der wurdt tiisdei mei in lytse 30 minsken aksje fierd. De ûndertekeners wolle dat de minister net kiest foar dizze stroomkabelrûte en nei in alternatyf siket. Seker sân partijen nimme de petysje yn ûntfangst.

Moasje

D66 hat in Keamerdebat oer de kwestje mei de stroomkabels oanfrege. "Ik hoop dat daar een motie uitkomt", seit aksjefierder Thom Verheul. Dêr moat dan in ûnôfhinklik ûndersyk út folgje nei beskikbere alternativen.
Thom Verheul oer de petysje