Krityk op foarstel om bedriuwen meibetelje te litten oan slûs Ofslútdyk

It foarstel fan minister Cora van Nieuwenhuizen om it bedriuwslibben op frijwillige basis 26 miljoen euro meibetelje te litten oan de brede slûs yn de Ofslútdyk hat grutte neidielen, seit deputearre Avine Fokkens. De minister hat de Twadde Keamer skreaun dat se neat fielt foar in tolwet.
De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Mar in frijwillige regeling, sa't de minister wol, hat ek sa syn neidielen, neffens deputearre Fokkens.
"Dat betekent voor ons als provincie dat we een zeker risico lopen. Voor de bedrijven betekent het dat we hun grote wens voor een level playing field (gjin ûnearlike konkurrinsje, red.) geen gestand kunnen doen."
De bedriuwen fregen de Twadde Keamer yn febrewaris ferline jier om in tolwet foar de brede slûs om sa te regeljen dat alle bedriuwen dy't de slûs brûke ek meibetelje. Guon fan de belutsen bedriuwen binne teloarsteld yn it foarstel fan de minister en lobbye op 'e nij by de Twadde Keamer foar in tolwet. "Ik moet natuurlijk ook even afwachten wat daar uitkomt", seit deputearre Fokkens dêr oer.

Syktocht

Deputearre Avine Fokkens hat op dit stuit noch gjin útwurke plan hoe't se it opheljen fan de 26 miljoen euro op frijwillige basis krekt organisearje wol. "Dat is nog wel even een zoektocht."
It sluten fan oerienkomsten op frijwillige basis sil yn de praktyk gau betsjutte dat de provinsje de bydrage oan de slûs foarfinansieret en it jild nei ferrin fan tiid wer fan de bedriuwen weromkrijt. De provinsje kin soks allinnich dwaan as Provinsjale Steaten dêr grien ljocht foar jouwe, seit Fokkens.

Foarstel

De deputearre moat ek noch sjen oft it bedriuwslibben it foarstel fan de minister wol akseptearret. "De bedrijven hebben het voorkomen van oneerlijke concurrentie altijd als harde voorwaarde gesteld. Dat risico bestaat natuurlijk wel bij een regeling op vrijwillige basis."
Fokkens seit dan ek dat se mei in soad belangstelling ôfwachtet hoe't de diskusje ôfrint. "Voor mij is het belangrijkste dat uiteindelijk iedereen die brede sluis wil, ook het ministerie. Ik hoop daarom dat we hier op een goede manier uit komen."
Harkje nei deputearre Avine Fokkens

Wichtich dat brede slûs der komt

Direkteur Sijbrand de Vries fan de Skipswerf De Vries yn Makkum fynt it hiel wichtich dat de bredere slûs der komt. "Als bedrijfsleven en als werf hebben wij gezegd dat we wel willen bijdragen, maar dan wel op basis van gelijk speelveld. Dat dus ook iedereen mee moet doen en niet dat je kan kiezen. Dus of iedereen of niemand", seit De Vries.
Neffens him moat dat ek kinne: "Het gaat natuurlijk op basis van toekomende omzet. Op het moment dat je geen gebruik maakt van de sluis hoef je niet te betalen." De Vries hopet yn elk gefal dat der gau dúdlikheid komt: "Wij als bedrijfsleven willen graag investeren. Het is daadwerkelijk serieus voor ons."
De fêste keamerkommisje fan Infrastructuur en Waterstaat praat no woansdei oer de finansiering fan de brede slûs by Koarnwertersân en de stân fan saken mei de nije Ofslútdyk.
Sijbrand de Vries fan Skipswerf De Vries