Meiwurkers berneopfang lizze wurk del: 'Te folle taken en grutte groepen'

15 jun 2021 - 07:15

Meiwurkers yn de berne-opfang, pjutteboarterssealen en de bûtenskoalske opfang lizze fan nije wike woansdei ôf it wurk del. It giet om aksjes tsjin de hege wurkdruk yn de opfangen. Fakbûn FNV hie de wurkjouwers in ultimatum steld foar in nije CAO, mei dêryn in soad omtinken foar it ferleegjen fan dy wurkdruk. Mar de wurkjouwers hawwe net op dat ultimatum reagearre.

By berne-opfangen waard it wurk dellein:

Neffens Debbie van Leiden, bestjoerder berne-opfang by fakbûn FNV, hawwe de pedagogysk meiwurkers te folle taken. "Schriftjes, de kinderen analyseren en hapjes klaarmaken. Dat soort dingen", seit Van Leiden.

"Terwijl ze het ook heel belangrijk vinden dat ze goed met de kinderen bezig kunnen zijn, zodat ze zich goed kunnen ontwikkelen", seit Van Leiden.

Wurk-privee

In soad pedagogysk meiwurkers hawwe te krijen mei burn-outeftige klachten. "Sommigen zijn heel erg moe. Na het werk hebben ze geen energie meer om te gaan sporten. De werk-privébalans is uit balans."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Groepshelp

"De mooiste oplossing zou zijn om meer mensen aan te nemen, maar we realiseren ons dat het heel moeilijk is om ander personeel aan te nemen", seit de bestjoerster.

It soe neffens Van Leiden al in hiel stik better wêze as der groepshelpen oannaam wurde. "Net even iemand die kan helpen om de wc's extra schoon te maken of hapjes klaar te maken. Bedjes opmaken. Dat soort dingen", seit Van Leiden.

Troch de aksjes sille âlders tydlik op syk moatte nei oare opfang. "Ik kan me voorstellen dat dat vervelend is, maar uiteindelijk is het ook voor de ouders belangrijk dat ze vrolijke, uitgeruste en alerte medewerkers voor de groep hebben staan", seit Van Leiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)