IJsbrandus fytst him 'it skompes': mei in handbike by 54 tsjerken del

54 tsjerken, 434 kilometer en in handbike: Dat binne de wichtichste yngrediïnten foar de bysûndere fytstocht fan IJsbrandus van Popta, fan Nijlân. Doel is om by alle tsjerken dy't er op syn rûte tsjinkomt in selfie mei de tsjerke te meitsjen.
IJsbrandus fytst him it skompes:
Sûnt twa jier is hy aktyf op syn handbike. Hy fytst benammen foar de wille by de tsjerken del. De 24-jierrige IJsbrandus wol yn de rin fan augustus syn etappen folbrocht hawwe. De sportive fytser wurket as sintralist by in taksysintrale.

Ferlamme

IJsbrandus waard berne mei in iepen rêch en is dêrtroch fan de mul ôf ferlamme. It stiet syn sporten lykwols net yn it paad. "Ik bin hiel tankber dat ik dit dwaan kin", seit de sportive handbiker.
IJsbrandus van Popta by de tsjerke fan Surch © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Foardat er begûn mei fytsen siet er al op rolstoelbasketbal en swimmen. Syn passy foar tsjerken waard him mei de brijleppel ynjûn. Syn heit is organist en sjocht sadwaande in soad tsjerken.

By eltse tsjerke in selfie

De earste etappe giet dizze wike fan syn wenplak Nijlân fia Westhim, Dedzjum, Ferwâlde, Gaast nei Allingawier en Surch. By al dy doarpen wurdt efkes hohâlden en makket IJsbrandus by de tsjerke in selfie.
Fytsen is IJsbrandus net frjemd. Syn alderearste Fytsalvestêdetocht wie yn 2019. Dit jier docht er mei oan de alternative edysje fan de Fytsalvestêdetocht.
De rûten dy't IJsbrandus fytst: