Twa Friezen beboete foar hannel yn wylde fûgels

14 jun 2021 - 21:47

Ynwenners fan Twizelerheide en Kollumersweach hawwe moandei boeten krigen foar it hanneljen yn wylde fûgels. De 33-jierrige ynwenner fan Twizelerheide moat 250 euro betelje, de 36-jierrige man fan Kollumersweach 1.000 euro.

Foto: ANP

De man fan Kollumersweach waard yn 2019 oanholden op Schiphol mei fjouwer 'scharrelaars'. Twa fan dizze fûgels kamen by de man fan Twizelerheide wei.

Fûgelhannelers meie allinne wylde fûgels hâlde as sy oantoane kinne dat sy de fûgels sels grutbrocht hawwe. Dat koe yn dit gefal net bewiisd wurde.

Trefwurden: 
wylde fûgels fûgelhannel
(Advertinsje)
(Advertinsje)