Epke wis fan Olympyske Spelen, no't konkurrint net nei World Cup giet

Epke Zonderland is wis fan dielname oan de Olympyske Spelen. De Japanske konkurrint-turner Hidetaka Miyachi giet net nei de World Cup turnjen yn Doha. Dat makket dat Zonderland nei de Spelen kin. It hâldt ek yn dat Zonderland net nei Doha hoecht.
Epke Zonderland © Orange Pictures
Epke Zonderland stie foarearst op de dielnimmerslist foar de World Cup, dat tusken 23 en 26 juny is. Oft hy meidwaan soe, hong ôf fan Miyachi. Zonderland soe syn olympysk ticket nammentlik noch kwytreitsje kinne oan de Japanner. Mar dy hat him net ynskreaun foar de World Cup.
"We hebben Epke daarom vooralsnog ingeschreven, maar of hij meedoet, bepalen we na het zien van de definitieve deelnemerslijst. Ik acht de kans klein dat Miyachi in actie gaat komen," sei turncoach Bram van Bokhoven earder. Zonderland is no teoretysk de winner fan it klassemint oan de rekstok en mei nei Tokio.