It Hearrenfean krijt in nije ynstallaasje foar slykûntwettering

14 jun 2021 - 20:24

Wetterskip Fryslân beslút oer trije wiken definityf oer it bouwen fan in nije ynstallaasje foar slykûntwettering op It Hearrenfean. Dit systeem ûntwetteret it slyk dat oerbliuwt by rioelwettersuveringen. De hjoeddeiske ynstallaasjes en gebouwen binne ferâldere en foldogge net mear oan de easken. De nije ynstallaasje moat 38 miljoen euro kostje en ein 2023 klear wêze.

Foto: Google Street View

Fan it ôffalwetter dat suvere wurdt by alle 27 rioelwettersuveringen yn de provinsje, bliuwt in soad suveringsslyk oer. In part dêrfan wurdt wer brûkt foar biogas, dat wer omset wurdt yn stroom. It suveringsslyk wurdt ûntwettere en dêrnei nei de SNB (Slibverwerking Noord-Brabant) brocht, dêr't it ferbaarnd wurdt.

Bestjoerder Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân

"Op It Hearrenfean stiet no ek al sa'n ynstallaasje, mar dy is no oan ein", fertelt bestjoerder Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân. De ynstallaasje foldocht net mear oan de easken foar brânfeiligens.

Mar ek it systeem sels is âld: "Wy moatte gjin steuringen krije. Want der binne hast gjin reserve-ûnderdielen mear te krijen. Dy moatte wy dan bygelyks twaddehânsk út Dútslân wei helje: dat is net in winske situaasje. Dus wy moatte ferfange. Dizze kosten binne meinommen yn de begrutting foar meardere jierren."

Djoerdere boukosten

Dochs foel it noch wol 2 miljoen euro djoerder út as dat it Wetterskip earder tocht. "It binne de boukosten dy't omheech geane, dêr hawwe in soad minsken mei te krijen", seit Van der Galiën dêroer. Hy hie it leaver oars sjoen, mar de nije ynstallaasje bliuwt nedich. Oant dy tiid draait de âlde noch troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)