Minister: Provinsje kin bedriuwen meibetelje litte oan slûs Koarnwertersân

De provinsje Fryslân kin mei bedriuwen op frijwillige basis oerienkomsten slute oer it meibeteljen oan de brede slûs by Koarnwertersân. Dat skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen yn in brief oan de Twadde Keamer.
De slûs by Koarnwertersân op de eftergrûn © Shutterstock.com (Steve Photography)
De bedriuwen dy't belang hawwe by in bredere slûs yn de Ofslútdyk hawwe yn febrewaris ferline jier yn in bidbook oanjûn dat sy ree binne om mei-inoar 26,5 miljoen euro mei te beteljen. De bedriuwen woene ien en oar yn earste regelje troch elts grutter skip dat de slûs passeart tol betelje te litten.
Mar de minister sjocht dêr fan ôf, omdat der aparte wetjouwing foar nedich is. Oerienkomsten op basis fan frijwillichheid binne rapper te realisearjen, sa seit Van Nieuwenhuizen.

Frijwillich, mar net frijbliuwend

Frijwillich betsjut net dat de oerienkomsten in frijbliuwend karakter krije. Bedriuwen dy't in ferplichting ta meibeteljen oangean, moatte harren der ek oan hâlde as se oernommen wurde.
Yn de Twadde Keamer wurdt woansdei oer de brede slûs yn de Ofslútdyk praat by it kommisjedebat oer it Meerjarenprogramma Infrastructuur, Ruimte en Transport (MIRT). Neffens it brief fan minister Van Nieuwenhuizen wurdt de provinsje Fryslân ferantwurdlik foar it opheljen fan de frijwillige bydragen by de belutsen bedriuwen.
Mei it ferbreedzjen fan de slûs wurdt takommend jier begûn. It wurk moat op syn lêst yn 2028 klear wêze.