Plysje siket fertochte boskrellen Aldemardum en makket foto iepenbier

14 jun 2021 - 19:18

De plysje hat in foto iepenbier makke fan in man dy't belutsen west ha soe by de rebûlje op de jûns fan Keningsdei, yn de bosk by Aldemardum oan de Beukenlaan. In groep fan tusken de 150 en de 200 minsken hold him doe net oan de coronamaatregels en hiene in grut fjoer makke.

Foto: Noordernieuws / De Vries Media

Nei yngripen fan de plysje rûn it folslein út de klauwen.

Doe't de plysje harren opdracht joech om fuort te gean, kearde in groep him tsjin de plysje. Sy smieten ûnder oare mei folle bierfleskes. Ien plysjeman rekke ferwûne en fjouwer plysjeweinen rekken skansearre.

Der binne doedestiids acht minsken oanholden, mei it ûndersyk binne dêr nochris fjouwer minsken by kaam.

Iepenlik geweld

De man dy't no socht wurdt, wurdt fertocht fan iepenlik geweld tsjin de plysje. De plysje hat him no noch ûnwerkenber yn byld brocht. As de man him net binnen twa wiken meldt, wurdt de foto folslein werkenber publisearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)