Wethâlder neamt Smellingerlân in lek skip: "Maar we zijn aan het repareren"

14 jun 2021 - 19:00

As der neat feroaret krijt gemeente Smellingerlân fan 2023 ôf te krijen mei in struktureel tekoart fan op syn minst 2 miljoen euro. De gemeente skriuwt dit jier en yn 2022 noch wol swarte sifers. "Toen het zakencollege begon was het schip van de gemeente lek", seit wethâlder Felix van Beek. "Maar we hebben de lekken gevonden en zijn ze aan het repareren."

Felix van Beek by de presintaasje fan de ramtnota fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

De situaasje docht bliken út de ramtnota 2022-2025, dy't wethâlder fan finânsjes Felix van Beek moandei presintearre yn it gemeentehûs yn Drachten.

Flinke útjeften op komst

De gemeente stiet de kommende jierren foar flinke útjeften, lykas de bou fan it nije swimbad en needsaaklik grut ûnderhâld oan âldere wenwiken yn Drachten. "Dat zijn verplichtingen waar je niet onderuit kunt. Het is daarom ook aan de raad om kaders te stellen", sa fynt Van Beek.

Karren meitsje

De wethâlder fynt it dêrom 'spitich' dat de gemeenteried der oant no ta net folle foar fielt om de ramtnota fan it kolleezje fêst te stellen. It is wol de bedoeling dat de ried ynkoarten besluten nimt op basis fan de 'kearntaak-diskusje'.

Yn dy diskusje wurdt bepaald wat de gemeente wol en net dwaan wol en wêr't it jild fan de gemeente yn ynvestearre wurdt.

Wethâlder Felix van Beek fan Smellingerlân

Yn desimber ferline jier like it der efkes op dat de provinsje Fryslân Smellingerlân ûnder tafersjoch pleatse soe. Omdat it grienûnderhâld yn de gemeente in ton goedkeaper útfoel wie dat by eintsjebeslút net nedich.

Mar as de gemeente op 'e nij rjochting reade sifers giet, kin it provinsjale tafersjoch op 'e nij yn byld komme, sa tinkt Van Beek.

Frysk en rûpbestriding falle oerboard

De gemeente hat gjin romte foar nij belied. It Frysk taalbelied falt dêrom oer de râne, de bestriding fan de ikeprosesjerûp ek. "Ik hoop dat de gemeenteraad duidelijke kaders zal stellen, zodat wij aan het einde van het jaar met een sluitende meerjarenbegroting kunnen komen", seit Van Beek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)