Johan Zuidema: "Ik hie folle mear ynterlannen spylje kinnen"

14 jun 2021 - 18:00

Yn de SportCast prate wy wiidweidich oer it Europeesk kampioenskip fuotbal en dat dogge wy mei âld-ynternasjonal Johan Zuidema. Zuidema spile yn it ferline by VV Zwaagwesteinde, SC Cambuur, FC Twente, NEC en Ajax en kaam twa kear út foar it Nederlânsk alvetal.

Uteinlik moast Zuidema troch in swiere knibbelblessuere al op 27-jierrige leeftiid mei syn fuotbalkarriêre ophâlde.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Zuidema kaam mei Oranje yn aksje yn de oefenwedstriden tsjin België en West-Dútslân. It is by dy twa wedstriden bleaun, mar dat hiene der neffens Zuidema mear wêze kinnen as hy wat brutaler west hie.

As guon jonges net oproppen waarden, dan waard Ruud Krol ynskeakele, dy regele dat.

Johan Zuidema oer it seleksjebelied

Seleksje

Zuidema: "Doe't ik by Ajax spile wie ik better as Suurbier. Ik fyn dat ik doe faker by selektearre moatte wurden hie. Mar as oare jonges net oproppen waarden, dan waard Ruud Krol ynskeakele en dy regele dat dan. Dat die ik net. "

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje wy ek oare ûnderwerpen.

Op it EK binne trije Fryske assistint-skiedsrjochters oanwêzich. Hessel Steegstra en Jan de Vries kamen mei de iepeningswedstriid yn aksje.

Steegstra en De Vries

Neffens âld-skiedsrjochter Herman van Dijk hawwe sy it goed dien. "Makkelie hat sels sein dat se by de UEFA hiel tefreden wiene oer harren optreden. En dat docht no wol bliken, want sy hawwe al in twadde wedstriid krigen (Ruslân - Finlân red.). Litte wy hoopje dat sy noch mear wedstriden krije."

(Advertinsje)
(Advertinsje)