Klok fan de Aldehou stiet oant oktober stil

14 jun 2021 - 17:35

It izerwurk boppe yn de Aldehou is ferrustke en moat ferfongen wurde. It stof dat by de wurksumheden frijkomt, is funest foar de klok, dêrom is er stilset.

De Aldehou fan Ljouwert (Oldehove) - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De klok fan de Aldehou stiet al in skoftke stil. Moandeiwaard bekend dat de renovaasje noch wol efkes duorje sil. "Wy tinke dat it ûngefear oant oktober duorret, wy ha wol besocht om te sjen oft de klok trochdraaie koe, mar dat wie net it gefal", seit Cor Oosterhuis fan 'e gemeente Ljouwert. "Dus wy ha no sein, wy sette de wizers op tsien foar twaen, in soarte fan smiley, dat is in soad tradisjoneel gebrûk neffens de klokkemakker."

Oerwurk gefoelich foar stof

It oerwurk kin net goed oer stof en dat komt in soad frij, no't der wurksumheden oan 'e gong binne yn de toer. "Se binne no om de klok hinne oan it wurk, dêr moat izerwurk ferfongen wurde. Dêrtroch krigest in soad stof yn dy toer, dêr kin it oerwurk net oer." Dêrom kin de klok net trochdraaien bliuwe. "No mei it boustof en dat se dêr dwaande binne, slagget it ús net om de klok draaiende te hâlden."

De klokken wurde ek net mear let. "Dat is keppele oan it oerwurk sels. Boppedat binne dy wurklju flak ûnder dy klokken oan it wurk, dy binne bliid dat dat ding net let wurdt."

Trefwurden: 
Aldehou klok
(Advertinsje)
(Advertinsje)