Fryske fraksjefoarsitter wol CDA-partijkongres earder fanwege lanlike rebûlje

14 jun 2021 - 17:13

CDA-fraksjefoarsitter Johan Tjalsma wol dat it partijkongres earder holden wurdt, om te praten oer de problemen binnen de partij. Want dy moatte by de kearn oanpakt wurde, fynt hy. "Wy binne in partij dy't bot lokaal woartele is. Litte wy ús dêr foaral op rjochtsje, dan is de line mei Den Haag mar wat minder grut op dit stuit."

Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan CDA Fryslân (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De partij wrakselet mei ynterne strideraasje, nei oanlieding fan de kwestje Pieter Omtzigt. Dy skriuwt yn in yntern memo hoe't er tsjinwurke waard en hoe't him somtiden ûnfeilich fielde.

Tjalsma fynt lykwols net dat Wopke Hoekstra as lanlik fraksjefoarsitter opstappe moat. "Opstappe hat noch nea wat oplost. Hy moat foaral oan de bak om te sjen wêr't it CDA stiet."

Omtzigt

It CDA hat no noch 15 sitten yn de Keamer, mar yn de peilingen stiet it CDA no op 8 sitten. En Omtzigt nimt syn sit ek nochris mei.

Tjalsma sprekt him net al te bot út oer wat it opstappen en it foar himsels begjinnen fan Omtzigt betsjut. Soe Tjalsma him by Omtzigt oanslute wolle? "As it in partij is dy't lyk is oan it CDA dan soe dat in opsje wêze, mar ik fiel my thús by it CDA en hoe't wy as partij mei fraachstikken omgeane. Dêrom haw ik my eartiids oansletten. En dat fiel ik noch hieltyd. Ik tink net dat ik rap opstappe sil, want de ideeën fan it CDA passe by my."

Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma CDA

"It earste dat wy dwaan kinne, is ússels bliuwe en by de kearnwearden fan de partij bliuwe", seit Tjalsma. "Wy moatte ris goed sjen wêr't wy as CDA steane en hoe't wy fierder geane. Wy hawwe in prachtige partij mei prachtige útgongspunten. It is spitich dat it no sa yn in oar deiljocht set wurdt troch lanlike ûntwikkelingen. Wy moatte sjen hoe't wy wer fierder kinne."

Rapport kommisje

It memo kaam ferline wike op strjitte te lizzen. Oare CDA-ôfdielingen wolle wachtsje mei in kongres oant it rapport fan de kommisje-Spies klear is. Dy kommisje docht ûndersyk nei de ferkiezingskampanje fan it CDA.

Tjalsma fynt dat der foaral in kongres komme moat. "It soe moai wêze as wy it rapport fan de kommisje-Spies dan ek beprate kinne. Soks hoecht net moannen te duorjen. As wy it no sa organisearje kinne dat it moai gearfalt, dan kinne wy hooplik foar de simmer noch wat dwaan. Ik tink dat it wol goed it om it mei-inoar ris goed útprate. As dat foar de simmer kin, is dat foar eltsenien it bêste."

(Advertinsje)
(Advertinsje)