Fryske GGD-stimpelposten hurd oan it wurk foar it giele boekje

14 jun 2021 - 17:12

GGD Fryslân is moandei yn Ljouwert, Snits en Drachten begûn mei it stimpeljen, foar minsken dy't nei it krijen fan de prik tsjin it coronafirus dochs noch in stimpel yn it giele faksinaasjeboekje hawwe wolle. Mei sa'n stimpel kin je yn it bûtenlân oantoane dat je faksinearre binne.

GGD Fryslân set útein mei in stimpelopjefte:

Dêr is in soad fraach nei it giele stimpelboekje, no't in soad minsken prikt wurde en de simmerfakânsje tichterby komt.

Seis fragen oer it giele boekje:

Hoe sit it no krekt mei dat giele boekje? Omrop Fryslân socht it út:

(Advertinsje)
(Advertinsje)