Maresjaussee hâldt troch Denemarken socht pear oan by Lauwerseach

14 jun 2021 - 15:55

De maresjaussee hat ôfrûne tiisdei by Lauwerseach in Deensk pear oanholden op in sylboat. By in kontrôle fan identiteitspapieren yn de haven die bliken dat de frou ynternasjonaal socht wurdt foar Denemarken. De dei dêrnei waard ek de man oppakt.

De haven fan Lauwerseach - Foto: Shutterstock.com (Theodorie)

De man besocht ûnder de rit it tsjinstwapen fan in maresjaussee te pakken, mar waard nei de grûn brocht en yn de boeien slein.

Njonken it pear wie der ek in bern op de boat. Dat is opfongen yn in soarchynstelling. De heit en mem sitte yn de finzenis, yn ôfwachting fan it útleverjen oan Denemarken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)