Noch mar 12 nije coronabesmettingen yn Fryslân registrearre de ôfrûne dei

14 jun 2021 - 15:20

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 12 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne fiif minder as snein. Doe gie it om 17 besmettingen. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 24 besmettingen deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne sneon meld yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân: beide 3.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 899 nije coronagefallen registrearre. Snein wiene dat der 1066.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)