Oerol fiert 40-jierrich jubileum mei in kuier fan oantinkens

Al is Oerol dit jier digitaal, de minsken komme wól massaal nei Skylge ta. De boaten sieten yn it wykein grôtfol en alle akkommodaasjes binne dizze wike fersein. It festival fiert dit jier it 40-jierrich bestean. Mar it Oerol-gefoel moat foaral efter de kompjûter wei belibbe wurde. Al is der sa no in dan in plak op Skylge dêr't dat dit jier dochs kin.
It is drok op Skylge mei it digitale festival:
Lykas by it dúnmarke by Hee. Hjir kinne minsken in teätrale kuier dwaan dat giet oer de oantinkens fan minsken oan Oerol.

Tolve ferhalen

Keunstners Anouk van Kolfschoten en Lola Bogaert hawwe praat mei festivalbesikers, eilânbewenners en belutsenen by it festival. Ut al dizze ferhalen hawwe se in seleksje fan tolve ferhalen makke en dy binne te hearren mei de kuier.
Op de rûte steane buordsjes mei in QR-koade dy't kuierders mei de telefoan scanne kinne. En dan is der in ferhaal te beharkjen. De kuier is noch oant en mei septimber te dwaan.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy docht de spesjale jubileumkuier