Bromfytser weikrûpt yn sleat

24 jul 2012 - 10:57

De plysje hat moandeitejûn it rydbewiis fan in 20-jierrige bromfytser út Jobbegea ynnommen nei it riden ûnder ynfloed. Plysjes seagen in brommer riden wêrfan't de passazjier gjin helm droech. Se woene de brommer oanhâlde mar de 20-jierrige bestjoerder ried it Heidepaadsje op en fanwege in peal koe de plysje der net fuordalik achteroan. Even letter fûn de plysje in brommer op it fytspaad.

Beide mannen wiene net mear oanwêzich. Ien fan de plysjes wachte by de brommer. Hy hearde wat yn de struken en fûn de 20-jierrige yn in sleat.

Nei in blaastest op it buro krige de man in rydferbod en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
bromfytser Jobbegea dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)