Steegstra en De Vries wer yn aksje op EK, Zeinstra noch net

14 jun 2021 - 12:36

Hessel Steegstra en Jan de Vries meie foar de twadde kear in wedstriid liede op it Europeesk kampioenskip fuotbal. De twa Fryske assistinten dogge woansdei mei skiedsrjochter Danny Makkelie de wedstriid tusken Ruslân en Finlân yn Sint-Petersburg.

Assistint-skiedsrjochters Jan de Vries (links) en Hessel Steegstra (rjochts) by harren earste EK-duel - Foto: Orange Pictures

Freed mochten Steegstra en De Vries al de iepeningswedstriid tusken Italië en Turkije dwaan. It wie foar Steegstra en De Vries harren debút op it Europeesk kampioenskip. Noch gjin wike letter meie se no ek Ruslân tsjin Finlân yn pûl B dwaan. De Russen ferlearen de earste wedstriid mei 3-0 fan België, wylst Finlân mei 1-0 wûn fan Denemarken.

Zeinstra noch net yn aksje

It oare Nederlânske skiedsrjochtersteam, mei Erwin Zeinstra, wachtet noch altyd op de earste oanstelling op it EK. Zeinstra is de assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers en dy is troch it Europeeske fuotbalbûn UEFA noch net oanwiisd foar in duel. Twa dagen foar in wedstriid wurde de skiedsrjochters bekend makke troch de UEFA. It is mooglik dat Zeinstra tongersdei of freed yn aksje komme sil.

It Europeesk kampioenskip wurdt de kommende wiken wiidweidich bepraat yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Alle wiken is in Fryske âld-ynternasjonal te gast dy't fertelle kin oer syn ûnderfinings yn Oranje en syn fisy op it Nederlânsk alvetal fan no. Moandei is twafâldich ynternasjonal Johan Zuidema te gast. Dêrnjonken fertelt âld-skiedsrjochter Herman van Dijk hoe't de Fryske assistint-skiedsrjochters it yn syn eagen dogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)