Terrassen bliuwe leech by earste wedstriid Nederlânsk alvetal op it EK

Snein spile Oranje de earste wedstriid op it EK tsjin Oekraïne. Op de terrassen bleau it rêstich, de skermen mochten dêr fanwege de coronamaatregels net oan.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De terrassen wienen leech en de húskeamers sieten fol sneintejûn by de earste wedstriid fan it Nederlânsk alvetal op it EK. Miljoenen Nederlanners seagen snein hoe't Oranje yn in spannend duel mei 3-2 fan Oekraïne wûn.
Gewoanwei stjoere kafees de wedstriden ek út, mar troch de coronamaatregels bleau it ditkear stil yn 'e hoareka: "Mei Oranje is it normaal grut feest yn de hoareka, en no binne alle saken leech", seit Ton Eijer, foarsitter fan Keninklike Hoareka yn Ljouwert.

"TV en skermen meie net oan"

De hoareka mei hieltyd fierder iepen, mar der binne noch maatregels fan krêft. "TV mei net oan, skermen meie net oan en tsien oere moatte wy ek ophâlde. Wy hoopje dat der wer twa oerkes by komme en dat wy wer útstjoeringen dwaan meie fan it EK. Dat misse wy wol yn de hoareka no."
Hy fynt it spitich foar de sektor: "Hiel tryst eins, de hoareka is krekt wer iepen. Wy hiene de hoop hân dat wy mei it EK even wat fertsjinje koene, wat dwaan koene en de âlde sfear weromkrije koene."