Hurdrider rydbewiis kwyt
De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan in 46-jierrige automobilist út Swolle. De man ried mei 142 kilometer yn de oere oer de A32 by Oranjewâld. Der mei op it stik dyk fanwege wurk mar 90 riden wurde. De man waard betrape mei help fan in lasergun.
Neist dat syn rydbewiis ynnaam is, hat er ek in proses-ferbaal krigen.