Friezen folgje Switsersk lânboureferindum oer gemyske bestridingsmiddels op de foet

14 jun 2021 - 09:01

Yn Switserlân hat de befolking snein mei 60 prosint tsjin in ferbod stimd op it brûken fan gemyske bestridingsmiddels yn de lânbou. Dizze diskusje wurdt yn hiel Europa fierd, want der is noed oer de effekten op de natuer en de minske. Ek yn Fryslân.

Friezen folgje Switsersk lânboureferindum mei ynteresse

Dat de diskusje oer bestridingsmiddels hieltyd faker fierd wurdt, is net sa frjemd. Boargers en boeren komme inoar hieltyd faker tsjin op it plattelân. Under oare trochdat mear en mear leechsteande pleatsen omboud wurde ta wenningen. Dat jildt ek foar Maaike Andela en Eize de Vries, dy't no fiif jier op in pleats wenje tusken Ferwâlde en Warkum.

It koppel hat noed oer de agraryske bestridingsmiddels. Hielendal sûnt der blombollen teeld wurde by harren pleats, mei de bestridingsmiddels dy't dêrby hearre. Takom jier komme der ierappels yn, sa hawwe sy heard. Dy hawwe nei alle gedachten minder bestridingsmiddels nedich. Mar de soargen bliuwe.

Eize de Vries en Maaike Andela op harren eigen hiem. - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Berntsje fan twa jier

"It is benammen de ûnwissigens. Dat jo der net wis fan binne dat it skealik is", seit Maaike Andela. "De agraryske sektor seit meastentiids dat it allegearre wol tafalt. Miskien is dat ek wol sa. Mar der binne ûndersyksynstituten dy't sizze dat it wol yn it liif komt fan omwenners yn in straal fan 500 meter."

"It kin bygelyks yn it hússtof komme, of yn in folle ruft fan lytse poppen. Dat is wol in soarch. Wy hawwe in lyts berntsje fan hast twa jier âld", follet har nan Eize de Vries har oan. Dit jier ite sy yn elts gefal net út de tún omdat sy it net fertrouwe.

Maaike en Eize hawwe goeie ôfspraken meitsje kind mei de boer, seit Andela dy't sels boeredochter is: "Wy hawwe wol goed kontakt mei de bolleboer. Dy hâldt ek wol rekken mei de wynrjochting en hy ynformearret ús op tiid wannear't er spuitsje sil. Dan kinne wy de doarren en ruten tichtdwaan en de wask binnenhelje. Eins giet dat hiel goed en dat skeelt wol yn it begryp oer en wer. Mar je hawwe fansels wol je soargen."

It brûken fan bestridingsmiddels is ek oan regels bûn en koartlyn is der yn de Twadde Keamer ek wer oer praat. Der binne yn Nederlân ferskate boargerinisjativen ûntstien oer dit ûnderwerp. En bestridingsmiddels wurde ek sjoen as in potinsjele oarsaak fan de weromgong yn it tal ynsekten en wat dêr mei gearhinget.

De ûndersyksgroep fan heechlearaar en trek-ekolooch Theunis Piersma hat begjin dit jier ek in ûndersyk oankundige nei gif yn dizze omjouwing.

Switserlân

Maaike en Eize hawwe mei ynteresse sjoen wat der yn Switserlân bart. It pear hat him behoarlik ferdjippe yn de problematyk. Neffens De Vries is it ek in kwestje fan tiid foardat deselde diskusje ek hjir spylje sil: "Ik tink dat wol. Dat kin hast net oars. It libbet hjir ek! Je hearre ek fan hieltiten mear minsken dat dy hieltiten mear biologyske produkten ôfnimme. Dat binne tekens. Fan alle kanten komme der lûden dat it oars kin en ek moat wat my oanbelanget."

(Advertinsje)
(Advertinsje)