Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân ûnder de 20

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 17 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne sân minder as sneon. Doe gie it om 24 nije besmettingen.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
De measte nije besmettingen binne snein meld yn de gemeente De Fryske Marren (4), Súdwest-Fryslân (3), en Noardeast-Fryslân (3).
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Ek binne der gjin nije pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

Lanlike sifers

Lanlik binne 1066 nije coronagefallen registrearre. Sneon wiene dat der 1265.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.