Famke (3) ferwûne by oanriding

24 jul 2012 - 10:06

In famke fan 3 jier is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Ljouwert. It famke stuts ynienen de Sweelinckstrjitte oer en in 24-jierrige automobilist út Ljouwert koe har net mear ûntwike.

It famke is mei ferwûnings oan de skonken oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
oanriding famke
(advertinsje)