Tûzenen euro's foar Flylanner poddestuollen

De âlde ANWB-poddestuollen fan Flylân hawwe yn totaal mear as 32.000 euro opsmiten. Minsken koene fan 1 juny oant sneintemoarn 13 juny biede op de bysûndere weiwizers. It jild is bedoeld foar de Waterroute Vlieland.
© Omrop Fryslân, Ronald vd Pol
De populêrste poddestoel wie dy fan de Feardaam, rjocht tsjinoer Rederij Doeksen. Dizze hat yn totaal 2660 euro opsmiten. In oare populêre weiwizer wie poddestoel nûmer 9, dy't earder op it paad fan de Staatsschuur stie. De measte bedraggen dy't betelle binne foar de bysûndere ANWB buordsjes lizze tusken de tûzen en de twatûzen euro.
Mei de opbringst fan de feiling wurdt begjin 2022 de Waterroute Vlieland realisearre. Dat is in kuier- en fytsrûte dy't de wetterkringloop fan it eilân op in ynteraktive wize sjen lit.
Earder waarden ek de poddestuollen fan Skylge ferkocht. Dit smiet doe 30.000 euro op.