Motorrider omkaam by ûngelok yn Droegeham

13 jun 2021 - 14:24

Yn Droegeham rekke snein in motorrider slim ferwûne by in botsing mei in lampepeal. Hy is letter oan syn ferwûningen ferstoarn. It ûngelok barde op de Bindert Japiksstrjitte yn it doarp.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Meardere helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, waarden oproppen. De ferwûne persoan waard ûnder plysjebegelieding oerbrocht nei it sikehûs yn Grins, dêr is er letter oan syn ferwûningen ferstoarn.

Troch ûnbekende oarsaak ried de 44-jierrige motorrider tsjin in bestelbus en dêrnei tsjin in lampepeal. De bestjoerder fan de bestelbus is oanholden en ferheard. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend, de plysje docht dêr ûndersyk nei. De strjitte hat in skoft ôfsluten west.

Trefwurden: 
ûngelok motorrider Droegeham
(Advertinsje)
(Advertinsje)